Jild foar enerzjysuniger hûs

Enerzjyferbrûk © Omrop Fryslân
De provinsje stelt opnij jild beskikber foar it enerzjysuniger meitsjen fan wenhuzen. Per hûs is 1000 euro beskikber, mei-elkoar kinne 300 húseigners der gebrûk fan meitsje. It giet om in ferfolch fan in regeling dy't der ferline jier ek al wie. Doe diene 1100 húseigners der in berop op.
Om yn de beneaming te kommen foar de subsydzje, moat mei in test oantoand wurde dat it enerzjyferbrûk sakke is.