Smel'lân ferkeapet mear grûn

18 jan 2012 - 09:32

De gemeente Smellingerlân hat ferline jier mear grûn op bedriuweterreinen ferkocht as ferwachte. Smellingerlân gie derfan út dat sân hektare in nije eigner krije soe, dat waard tsien hektare. It giet dan om grûn op meardere bedriuweterreinen yn 'e gemeente, lykas Nijtap en Azeven Noard.

It bedriuweterrein Azeven Súd is yn de berekkening net meinaam. Dat is mei fan de gemeente Smellingerlân, mar leit op grûn fan Opsterlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)