Sintrum foar jeugd Boalsert

In jeugdhonk
Nei jierren fan praten komt der lang om let in nij jongeresintrum yn Boalsert, yn de saneamde 'alde fleiskeuring'. Dat is in romte efter it âlde stedhûs fan Boalsert. De gemeente Súdwest-Fryslân wol dêr 20-tûzen euro foar útlûke, boppe-op in bedrach fan 30-tûzen dat de âlde gemeente Boalsert al op de planke set hie. Boalsert hat no gjin fêst plak foar bern fan 10 oant 16 jier. De eardere 'fleiskeuring' moat noch wol opknapt wurde. De gemeente soarget foar de basisfoarsjennings, mar de jongeren dogge sels ek in grut part fan de ynrjochting.
In jongerewurker fan Timpaan sil de komst fan it jongeresintrum yn Boalsert begeliede. Ein dizze moanne moat de gemeenteried noch wol offisjeel akkoart gean mei de ekstra bydrage fan 20-tûzen euro.