Utwreiding It Wiid fan de baan

17 jan 2012 - 21:10

De útwreidingsplannen fan kemping It Wiid by Earnewâld gean net troch. It Wiid woe 2 miljoen euro ynvesteare. Doel wie om oan de wetterkanten by de kamping natoer oan te lizzen. Hjirtroch moast der foar guon stakaravans in oar plak fûn wurde. It plak dat dêr foar útsocht wie, is neffens de provinsje in stik natoer dat heart by de ekologyske haadstruktuer fan de Alde Feanen. De eigener is hjir fernuvere oer omdat hy ôfspraken makke hat om de grûn te brûken.

It Wiid ûndersiket oft der it plan yn ôfslanke foarm al trochgean kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)