Wengroep foar probleemjongeren

De Wetterpoarte yn Snits © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Probleemjongeren sûnder dak boppe de holle kinne ynkoarten yn wengroepen te plak foar in nije start. Wolwêzensorganisaasje Zienn set yn Snits útein mei seis jongeren dy't mei syn allen yn in hûs komme te wenjen en dêr begelaat wurde. Letter moatte ek yn oare doarpen en stêden sokke Take Off-projekten komme. It giet om jonge minsken dy't ferslaafd binne, psychiatryske problemen ha en sûnder jild en wurk sitte.
Yn Snits helpt wenningboukorporaasje De Wieren de earste groep oan in hierwenning.