Weening promoatet Wâldpyk

17 jan 2012 - 20:35

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema wurdt ambassadeur fan Wâldpyk, it karmerk foar streekprodukten út de Wâlden. Omdat Weening nei it winnen fan syn etappe yn de Giro d'Italia sei dat er earst wol foar in miel wâldbeantsjes nei hûs woe, ûntstie it idee Weening yn te skeakeljen foar de promoasje fan Waldpyk. Op 25 jannewaris wurdt er beneamd en krije Pieter en syn heit en mem in lunsj dy't makke is mei produkten út de Wâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)