Krokodillekop nei Natuermuseum

17 jan 2012 - 20:11

Yn it Natuermuseum yn Ljouwert is fan no ôf in bysûndere krokodilleskedel te sjen. De skedel komt út de neilittenskip fan de Ljouwerter stêdshistoarikus Hendrik ten Hoeve. De skedel stie yn de eardere Maria Louiseskoalle en is troch de haadmaster meinaam út Yndonezië. Hy brûkte de skedel yn de jierren fiiftich foar straf: ûndogenske bern moasten de hân tusken de kaken lizze.

Neist de krokodilleskedel hat it Natuermuseum ek in opsetten tsjerkûle, in slang op sterk wetter en in opsette fazantekop krigen út de kolleksje fan Ten Hoeve.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)