2800 hantekeningen oanbean foar referindum wynmûnen

08 des 2014 - 11:59

Mei de oanbieding fan goed 2800 hantekeningen is moandei de earste oanset jûn foar in referindum oer de bou fan nije wynmûnen yn Fryslân. De inisjatyfnimmers fan it referindum binne tsjin de bou fan 530 megawatt oan wynmûnen, sa as de provinsje dat ôfpraat hat mei it ryk. Se wolle net dat de steaten dêr nije wike woansdei al in beslút oer nimme. Sa stiet dat no wol op de aginda, mar mei dizze hantekeningen kinne de steaten der ek foar kieze om it oan de befolking foar te lizzen.

Deputearre Hans Konst hat de hantekeningen yn ûntfangst naam.

Hy hopet dat de steaten net meigeane yn it inisjatyf foar in referindum. Neffens Konst smyt dat in soad fertraging op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)