28 kij yn beslach naam

12 jan 2011 - 19:23

By in feehâlder yn ús provinsje binne woansdei 28 kij yn beslach naam troch de nije Voedsel en Waren Autoriteit. Earder wie dat de AID. De bisten binne meinaam en nei in oar adres tabrocht. De eigner fan de kij wurdt ferwiten dat hy it fee net goed fersoarge hat.

De stâl is swier ferâldere. Der sitte oeral skerpe rânen en útsteksels. De kij kinne dêrtroch ferwûne reitsje. Ek rûnen se yn har eigen fretten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)