28 banen fuort by DE De Jouwer

24 apr 2009 - 15:48
  • Kofje fan DE

By Douwe Egberts ferdwine 165 banen, wêrfan 28 op 'e Jouwer. Dat hat it bedriuw tongersdei oan it personiel meidield. It bedriuw draait minder troch de ekonomyske krisis en dêrom moatte neffens de direksje maatregels naam wurde. Neist it ferlies fan banen wurde ek de salarissen oan 'e top fan it bedriuw beferzen.

De fakbûnen binne it net iens mei de reorganisaasje. Neffens harren is yn it ferline in soad winst makke en kin DE de meagere jierren wol trochkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)