Boerd út flinterberm stellen

ikepaazje © Johan Bolijn
It ynformaasjeboerd 'Vlinderberm Canterlân' yn Gytsjerk is stellen. It boerd stie oan it begjin fan it fytspaad by de Canterlandseweg yn it doarp. In lid fan de Wielenwerkgroep hat oanjefte dien by de plysje. Nei alle gedachten is it boerd troch twa of mear minsken fuorthelle en yn in bus of oanhinger ferfierd, want it boerd weaget sa'n 100 kilo.
Oare wike freed is der in presentaasje '20 jaar Vlinderberm'. De flinterberm is it âldste projekt fan Fryslân op it mêd fan flinterfreonlik bermbehear.
De wurkgroep hopet dat it om in grap giet en dat by de presentaasje takom wike it boerd wer op it plak werom setten is.