LTO Noord rekket leden kwyt

10 jul 2013 - 20:19

LTO Noord is yn it earste healjier 112 leden kwytrekke. De boerebelange-organisaasje krige 199 nije oanmeldings, mar naam ôfskie fan 311 bedriuwen. Neffens LTO Noord is kostebesparring yn 70 prosint fan de gefallen de foarnaamste reden om it lidmaatskip op te sizzen. Yn novimber 2012 meldde de belange-organisaasje dat it ledebestân sa'n 18.000 leden telt. Dat betsjut in jierlikse delgong fan 3 oant 4 prosint.

LTO Noord makke koartlyn bekind 46 fan de 132 bannen te skrappen, mei fanwege it ôfnimmende oantal leden.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)