Bauke Mollema 11e yn tiidrit

10 jul 2013 - 17:48

Hurdfytser Bauke Mollema is tiisdei as 11e einige yn de yndividuele tiidrit yn De Tour de France. Mollema wie 2 minuten en 5 sekonden stadiger as etappewinner Tony Martin út Dútslân. Yn it algemien klassemint bliuwt Mollema op it tredde plak stean, 3 minuten en 37 sekonden efter de Britske giele truidrager Christopher Froome. Twadde is de Spanjaard Alejandro Valverde.

Lieuwe Westra fan De Tynje waard 30e yn de tiidrit. Hy moast 2 minuten en 37 sekonden tajaan op winner Tony Martin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)