Producer Tallships bekend

10 jul 2013 - 17:32

Gaastra & Koudstaal Producties sil takom jier de Tall Ships Races yn Harns organisearje. It produksjebedriuw út Ljouwert sil him dwaande hâlde mei de praktyske útfiering, lykas it fêstlizzen fan it programma en de organisaasje fan de eveneminten om de sylraces hinne.

It ynternasjonale sylevenemint yn Harns wurdt hâlden fan 3 oant en mei 6 july 2014 en moat goed 350.000 besikers lûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)