Grut feest foar Piet Fransen

10 jul 2013 - 17:18
  • PIet Fransen sjocht út oer it Abe Lenstrastadion
  • PIet Fransen yn petear mei jierdeigasten

Piet Fransen fan It Hearrenfean hat yn it Abe Lenstrastadion tiisdei syn 100e jierdei fiert. Hy ried fjouwer Alvestêdetochten út en fuotballe by SC Hearrenfean noch mei Abe Lenstra. Sport hat altyd in belangrike rol spile yn it libben fan de no 100-jierrige Fries. Mooglik is dat wol it geheim fan syn hege leeftiid.

De leafde foar de sport sil nea ferdwine. Ien fan de dingen der't Piet Fransen noch nei útsjocht is de derby tusken SC Hearrenfean en Cambuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)