Elslo wol fan fabryksgebou ôf

10 jul 2013 - 12:33

It suvelfabryk yn Elslo moat sa gau as mooglik sloopt wurde. Dat seit Aad Oudshoorn fan it pleatslik belang út dat doarp. It fabryk hat al mear as tsien jier lyn syn funksje ferlen en it gebou fertutearzet. Der sitte ek net folle saken fan wearde mear yn it gebou. In soad ynwenners fan Elslo wolle dan ek wol graach fan it gebou ôf.

Pleatslik Belang hat dêrom ferskate fraksjes yn de gemeente Eaststellingwerf benadere, sadat dy dit punt meinimme kinne yn de gemeenteriedsferkiezings fan takom jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)