Rekreanten jouwe mear jild út

10 jul 2013 - 10:45
  • Bommel Snits

Rekreanten hawwe yn 2012 50 miljoen mear útjûn yn Fryslân as yn 2011. Dat docht bliken út sifers fan de Stenden University. Mei-elkoar waard der ferline jier goed ien miljard útjûn oan it toerisme. It giet dan om minsken dy't foar in dei op stap binne yn ús provinsje of om minsken dy't hjir langer bliuwe.

Stenden hat ek besifere dat 6,6% fan de wurkgelegenheid te krijen hie mei it toerisme, dat is minder as de jierren derfoar. Benammen by de hoteloernachtings en de boateferhier gie it ferline jier goed, by de groepsakkommodaasje wat minder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)