Jobbegeaster út sleat rêden

© ANP XTRA
De man dy't tiisdei by Jobbegea mei syn skootmobyl te wetter rekke is, is in 80-jierrige man út dat plak. De man gie oan de kant om in auto foarby gean te litten, mar rekke dêrby neist de dyk en ried yn it wetter.
Twa automobilisten koene de man boppe wetter hâlde en yn gearwurking mei de brânwacht slagge it de man op de kant te krijen. Hy is foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs.