Jeugd op dreef op EK keatsen

It team oan it EK one wall yn België
Op it EK muorrekeatsen foar jongeren yn it Belgyske Ciney hawwe de Nederlânske famkes yn alle kategoryen goud pakt. Yn de groep oant 15 jier wie der sukses foar Marrit Zeinstra en Anne Monfils. Yn de groep oant 17 jier gie de winst nei Lilijan Kingma en Anne Nieke Bergsma. Ek Geke de Boer en Hermine Sytema pakten goud, yn de groep oant 19 jier.
By de jonges wie der in sulveren plak foar de broers Pieter en Kees van der Schoot yn de klasse oant 19 jier en in brûnzen plak foar Marten Bergsma en Evert-Pieter Tolsma yn de groep oant 17 jier.