Nije spiler foar Flyers

© Nicolien Sijtsema
Iishockeyklup Unis Flyers fan It Hearrenfean hat in nije spiler: de 30-jierrige oanfaller Shawn Colleymore út Kanada. De iishockeyer keart werom yn Nederlân, yn it seizoen 2011/2012 spile hy al foar Geleen.
Spiler Bert van den Braak komt mooglik ek werom yn de seleksje. De oanfaller bruts oardel jier lyn in skonk. Van den Braak docht mei oan de seizoenstarieding, dêr't besjoen wurdt oft hy fit genôch is.