'Lisplakken 30-Marren dreger'

Nei de weryndieling yn Súdwest Fryslân is it foar grutte eveneminten sa as de 30-Marrentocht, lestiger wurden om goeie lisplakken te krijen yn Boalsert en Snits. Dat seit siktaris Jan Dortmundt. Neffens him rint fral de meiwurking yn Boalsert minder soepel as oars. Moandei is de 30-Marrentocht foar de 17e kear úteinset yn Drachten. Tiisdei binne se oankaam yn Boalsert. Der dogge in goeie 60 plezierjachten oan mei en dy moatte allegear tagelyk oanlizze kinne. Dat freget no in soad ûnderhannelingen.
Wylst de nedige fasiliteiten 3 jier lyn, by de foarige tocht, allegear troch de gemeente Boalsert regele waarden. Woansdei is de folgjende etappe, fan Boalsert nei Sleat. Freed binne de dielnimmers werom yn Drachten.