Keamerfragen oer jirpelkwestje

De hannel hat minder jirpels op foarried © Omrop Fryslân, Dirk Baron
De CDA-fraksje yn de Twadde Keamer stelt fragen oan de steatssikretaris fan Lânbou Sharon Dijksma oer it driigjende útfierferbod fan Fryske ierpels nei Ruslân. It CDA wol ûnder oare witte oft de steatssikretaris al kontakt hân hat mei har Russyske amtsgenoat en oft se de sluting fan de grinzen en de gefolgen dêrfan op de agenda set fan de kommende Lânbou- en Fiskerijried. Neffes de Russen sitte der skealike organismen by ús yn de grûn. It giet om in blokkade foar hiel Europa.
Neffens jirpel-eksporteur HZPC fan De Jouwer is der sprake fan in hannelskonflikt en mankearret der neat oan de grûn. Nederlân eksportearret 15.000 ton jirpels per jier nei Ruslân.