Mishanneling yn Boalsert

In 62-jierrige automobilist út Boalsert is tiisdeitemiddei oanholden foar mishanneling fan in 44-jierrige stedgenoat. It slachtoffer ried oer de Suderdyk yn Boalsert en waard ynhelle troch de fertochte. By it ynheljen kamen der stientsjes op de auto fan de 44-jierrige man. Dy helle ferhaal by de 62-jierrige man.
Der ûnstie in in wrakseling en dêrby waard de 44-jierrige man slein. De fertochte is fuortriden, mar koe ridlik fluch oanholden wurde troch de plysje. Der is proses-ferbaal opmakke.