Noch in wike hInder Ofslútdyk

09 jul 2013 - 16:48
  • De brêge by Koarnwertersân

De ferkearshinder op de Ofslútdyk by Koarnwertersân sil yn it elk gefal noch duorje oant moandei 15 july. Ien fan de draaibrêgen by de Lorentzsluzen wol sûnt ôfrûne wykein net mear ticht. Alle ferkear moat oer ien rydstrook. Rykswettersteat docht noch hieltyd ûndersyk nei de krekte oarsaak. Monteurs binne dei en nacht dwaande om it euvel te finen, want as de oare brêge iepen stiet, ûntsteane yn beide rjochtingen lange files.

De skipfeart hat ek lêst fan de stikkene brêge, omdat allinnich de eastlike trochgong fan de slûzen brûkt wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)