PVV: stel gemeentefúzjes út

De PVV Fryslân fynt dat gemeentlike fúzjes útsteld wurde moatte. Gemeenten moatte har earst tariede op de taken dy't se der fan jannewaris 2015 ôf by krije op it mêd fan soarch en wurk. Dêr hawwe se alle tiid en enerzjy foar nedich en gemeentlike weryndielings passe dêr net by.
Deputearre Steaten fan Limburch hawwe al sein dat der foarearst gjin gemeentlike weryndielings komme. De PVV fynt dat Fryslân dit stânpunt oernimme moat. De PVV wol witte oft Deputearre Steaten ynFryslân ree binne om de proseduers stil te lizzen.