Aktiviteiteklup Balk hâldt op

Van Swinderenstraat yn Balk © Google Streetview
De Activiteiten Commissie Balk hâldt dermei op. Foarsitter Alex Kaspers seit dat de kommisje tefolle tsjinwurke wurdt troch de gemeente de Fryske Marren. Sa moatte der hieltyd mear fergunnings oanfrege wurde en moat dêr ek foar betelle wurde.
Boppedat moatte der foar elke aktiviteit wer diplomearre ferkearsregelders komme en dat is neffens de kommisje dreech en djoer. Fierder spilet mei dat in oantal leden fan de Activiteiten Commissie Balk dermei ophâldt. Nije frijwilligers binne net te finen, seit de foarsitter.