Man mei wapens pakt yn Burgum

Plysje-embleem © ANP
In man fan 24 jier út IJmuiden is moandeitejûn yn Burgum oanholden foar ferbean wapenbesit. De plysje hie in tip krigen dat de man mooglik meardere fjoerwapens ha soe. Hy wie op dat stuit yn in wenning oan de Prinses Margrietstrjitte yn Burgum. Dêr is er oppakt.
De man hie in jachtgewear en in alarmpistoal. Dy binne yn beslach naam. De fertochte is fêst setten foar fierder ûndersyk.