Stimme op skjinste strân

Strân De Lemmer © Omrop Fryslân, Anne-Jan de Jong
Der kin fan moandei ôf wer stimd wurde op it skjinste strân fan Nederlân. Dit yn it ram fan Schoonste Stranden Top 10. Dit is in inisjatyf fan Supporter van Schoon. De ferkiezing hat in nije opset dêr't it publyk no krekt sa'n grutte stim by hat as de eksperts. By eardere edysjes bepaalden de ANWB-ynspekteurs de winners en hie it publyk syn eigen publykswinner.
Stimme kin oant 14 augustus via www.supportervanschoon.nl. De ôfrûne jierren binne de Nederlânske strannen in stik skjinner wurden neffens de ANWB.