Dokkum; ynsette op leechstân

08 jul 2013 - 20:15

De gemeente Dongeradiel moat nochris goed neitinke oer de útwreidingsplannen foar winkels yn Dokkum. Dat seit in groep saakkundigen dy't moandei op ynspeksje west ha yn de stêd. Neffens harren is der fierstente folle leechstân en ek is der sprake fan fersnippering fan de winkelgebieten. Om dan no yn it suden fan Dokkum in winkelgebiet te ûnwikkeljen soe net in goede kar wêze. Better kin ynset wurde op fersterking fan it besteande winkelsintrum.

De ynspeksje is in inisjatyf fan de Keamer fan Keaphannel en de gemeente Dongeradiel.

Trefwurden: 
winkels Dokkum leechstân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)