Steuring brêge noch net oplost

08 jul 2013 - 16:43

Rykswettersteat wit noch net wat de oarsaak is fan de problemen mei de brêge op de ôfslútdyk bij Koarnwertersân. Mooglik wurdt hjir pas woansdei mear oer dúdlik. Dat lit Rykswettersteat witte. Der wurdt noch hieltyd drok ûndersyk dien nei de oarsaak fan it mankemint. Ofrûne sneon woe de brêge net mear ticht. Der ûntstie in kilometerslange file. In wike earder wiene der ek al problemen mei de brêge. Ek doe moasten minsken oeren wachtsje yn de file.

Op it stuit is by de slûzen by Koarnwertersân mar ien rydstrook beskikber yn beide rjochtingen. Dat sil yn elts gefal oanhâlde oant takom wike moandei. Ek it skipfeartferkear moat rekken hâlde mei fertraging. Der kin allinnich gebrûk makke wurde fan de eastlike trochgong fan de slûzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)