Frekwinsjes Holland FM oernaam

De frekwinsje fan kommersjele stjoerder Holland FM is oernaam troch Radio Continu. Holland FM stjoert Nederlânsktalige muzyk út yn hiel Fryslân. Direkteur Eddy Harms fan Holland FM seit dat it te drok foar him wurdt om in radiostasjon te runnen. Harms naam de frekwinsje yn 2006 oer fan Nationaal FM. Fan 1 augustus ôf sil op 97.9 FM en 104.7 FM Radio Continu te hearren wêze. Continu stjoert út troch hiel Nederlân, fanút Tweede Exloërmond. Se litte ek benammen Nederlânkstalige muzyk hearre.