Drokte by strânwachten KNRM

08 jul 2013 - 14:28

De lifeguards dy't de KNRM ek dizze simmer wer op de Noardsee-strannen fan Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach ynset, hawwe in drok earste simmerwykein efter de rêch. Neist it hâlden fan tafersjoch op strângasten waarden ek minsken mei skaaf- en snijwûnen holpen. Op Skylge waard help ferliend oan in famke fan 4 jier dy't fan in dún foel en nekletsel oprûn. Om ek dizze taken út te fieren is it trainingsprogramma fan de jonge strânwachten ferbettere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)