Fryske campings lang net fol

08 jul 2013 - 12:12

De fakânsje liket dit jier bot ôf te fallen foar Fryske kampings. De boekingen, benammen yn de moanne juny, bliuwe achter by oare jierren. Yn Noard-Nederlân is dizze wike de earste echte fakânsjewike, mar it seizoen is al wer in pear wiken ûnderweis. Ien fan de campings wêr't de boekingen ôf falle is De Kuilart yn Koudum. Neffens eigner Romke de Jong komt dat ûnder oaren troch de ekonomyske krisis, mar ek troch it minne waar yn it foarseizoen.

It moaie waar fan de ôfrûne wike hat der wol foar soarge dat der wer wat groei yn sit, mar it is noch net fol op de camping.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)