Ekstra boaten foar toeristen

08 jul 2013 - 10:53

Rederij Wagenborg hat sneintejûn in ekstra wettertaksy ynhierd om toeristen fan it Amelân nei de fêste wâl te ferfieren. Troch it moaie waar wie it drok mei deitoeristen en besikers fan it MadNes-muzykfestival dat op it eilân hâlden waard. In protte minsken woene om healwei sânen mei de lêste fearboat nei Holwert, mar dy wie al rillegau fol. Wagenborg hat doe neist de eigen rappe wettertaksi noch assistinsje frege fan in partikulier boatebedriuw om minsken nei de fêste wâl te bringen. In situaasje dy't neffens de rederij net faak foarkomt.

Trefwurden: 
boaten wettertaksy toeristen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)