Mollema op 3e plak yn de Tour

Bauke Mollema yn aksje yn de 9e etappe fan de Tour de France © ANP
Bauke Mollema fan Ljouwert is snein nei de 9e etappe opklommen nei it tredde plak yn it klassemint. Hy stiet op 1.44 achter giele trui drager Froome. Mollema finishte snein as 8e yn de swiere berchetappe yn de Pyreneeën. Mollema siet de hiele dei mei foaryn, mei syn ploechmaten Laurens ten Dam en Robert Gesink.
De oare Fries yn de Tour, Lieuwe Westra, kaam yn de grutte groep binnen en stiet no op nûmer 178 yn it klassemint.