Disel stellen út frachtauto

07 jul 2013 - 14:36

Op De Lemmer is tusken freedtemiddei en sneintemoarn 700 liter disel stellen út in parkearde frachtauto dy't oan de Slûswei stie. De sjauffer hie de frachtauto freed mei in folle tank achterlitten. Doe't hy sneintemoarn by de auto kaam wie de tankdop fernield en de tank leech.

De plysje ropt minsken dy't mooglik wat sjoen hawwe op om har te melden.

Trefwurden: 
De Lemmer frachtauto disel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)