Cambuur skoart opnij acht kear

Sportklup Cambuur hat yn de oefenwedstriid tsjin Kollum opnij acht kear skoard. Earder yn de tarieding makken de Ljouwerters ek al acht goals tsjin DTD (8-0) en ONB (8-1). Tsjin Kollum waard Martijn Barto mei trije goals topskutter. Testspiler Jeremy de Graaf, dy't hoopje mei op in kontrakt, makke twa doelpunten. De oare goals kamen op namme fan Kevin Brands, Ramon Leeuwin en Paco van Moorsel.
Cambuur spilet tiisdei noch tsjin de amateurs fan Koatstertille, wêrnei't op sneon de earste echte test tsjin Sparta op it programma stiet.