Eanjumers bedriigje portiers

07 jul 2013 - 13:51

De plysje hat sneontenacht twa manlju fan 23 en 25 út Eanjum oanhâlden. Se wurde der fan fertocht de portiers fan in bar mei de dea bedrige te hawwen. It duo woe der yn, mar omdat se al earder foar problemen soarge hiene, waard har de tagong wegere. De beide Eanjumers bedrigen de portiers dêrnei mei dea. De portiers bellen de plysje en diene oanjefte.

De beide fertochten koene letter oanhâlden wurde en binne ynsletten op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)