Famke oanriden yn Boelensloane

07 jul 2013 - 13:15

By in oanriding yn Boelensloane is sneontemiddei in 17-jierrich famke út De Rottefalle ferwûne rekke. It famke stuts mei de fyts de krusing fan de Boelenswei mei de Parksterreed oer. Dêrby krige se gjin foarrang fan in man yn in auto. It famke waard troch de botsing in pear meter fuortslingere.

It medysk personiel fan de traumahelikopter hat earste help ferliend. It slachtoffer is dêrnei nei it universitêr sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
oanriding Boelensloane
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)