Riedsleden sykje staazjeplak

07 jul 2013 - 12:50

It CDA yn de gemeente Hearrenfean siket staazjeplakken. Riedsleden fan de partij wolle simmerdeis de doarpen en de wiken yn de gemeente yn om te fernimmen wat dêr libbet. Se sykje staazjeplakken by organisaasjes en bedriuwen om ideeën en ynspiraasje op te dwaan foar in nij seizoen. It CDA docht dat alle jierren yn it simmerreses.

De partij freget ferienings, organisaasjes, stichtings en bedriuwen dêr't riedsleden in dei of in pear oeren mei rinne kinne, oft dy har melde wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)