Berltsum wint NK froulju

Berltsum hat sneon yn Jorwert foar de tredde kear yn de 36-jierrige histoarje de NK-titel foar froulju wûn. Ilse Tuininga, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma pakten yn de finale de winst tsjin Boazum mei 5-0 en 6-2. Nellie Rijpma, Nynke Sijbrandij en Wiljo Sijbrandij wiene útkeatst nei in drege heale finale tsjin Grins, dy't op 5-4 en 6-6 wûn waard. Grins pakte sadwaande de tredde priis, krekt as Ie.