De Vries Europeesk kampioen

06 jul 2013 - 17:27
  • Elma de Vries

Elma de Vries fan Meppel is sneon yn Almere Europeeks kampioene skeelerjen op de maraton wurden. De eardere ynwenster fan De Haule wie al betiid yn de wedstriid fuort mei de Dútse Katharina Rumpus. De twa rûnen hieltyd fierder út en wienen foar de konkurrinsje net mear yn te heljen. Yn de sprint wie De Vries de bettere en sa helle sy de Europeeske titel.

Manon Kamminga, earder op it kampioenskip al goed foar sân gouden medaljes, einige as tredde. Foar Elma de Vries wie it de fjirde gouden medalje en de earste op dit nivo op de maraton.

Bart Swings waard kampioen by de manlju. De Belch wûn de massasprint foar de Frânsman Contin en de Italiaan Francolini. Bêste Nederlanner wie Gary Hekman op it fyfde plak. Mark Horsten einige as iennige Fries as 20ste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)