Solar Challenge ferlit Fryslân

06 jul 2013 - 16:19

De sinneboatrace set takom jier net útein yn Fryslân. De organisaasje hat keazen foar de Blauwe Stad yn Grinslân as startplak. Dat jout nije mooglikheden benammen op kommersjeel flak. Sa wurdt de link makke mei energy-valley.

De Dong Energy Solar Challenge giet no yn etappes fia de stêd Grins nei Zoutkamp en sa nei Drachten. Ek Snits en Harns wurde oandien foardat de race oankomt by de Prinsetún yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)