Seehûnekresj streamt fol

Seehûnekresj Pieterburen © Omrop Fryslân
Seehûnekresj Pieterburen wurdt oerspield mei jonge seehûnen dy't harren mem kwytrekke binne. Dit binne saneamde 'huilers'. Op dit stuit binne der 140 yn Pieterburen. De bisten komme foaral út it Waadgebiet, mar ek út Noard-Hollân en Seelân. De seehûnen binne de mem kwytrekke troch it minne en stoarmige waar fan de ôfrûne tiid.
Neffens in meiwurker fan de seehûnekresj rêde de measte bisten it wol. De betsjutting 'huiler' ferwiist nei it skriemerige lûd dat de jonge bisten meitsje.