Eilannen lilk op Doeksen

06 jul 2013 - 14:17

It foarnimmen fan rederij Doeksen om nei de simmer in tal ôffearten tusken Skylge en Flylân en de fêste wâl te skrassen is ûnakseptabel. Dat seit keninklike hoareka op Flylân. De ûndernimmers binne benaud dat se dan in soad toeristen en dus ek ynkomsten misrinne.

Doeksen komt ta syn beslút omdat de rederij der finansjeel min foarstiet. Dat hat te krijen mei de konkurrinsje troch de Eigen Veerdienst Terschelling, de EVT. Dy fart wol yn de drokke simmertiid en minder yn it winterseizoen en pakt sa klanten ôf, seit Doeksen.

Feartsjinten yn de winter binne net rendabel genôch. Keninklike hoareka op Skylge wol foarearst gjin kommentaar jaan. Dy wol earst it nije skema mei ôffearten sjen foardat de ôfdieling dêr yn aksje komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)