Oldtimers massaal ferkocht

06 jul 2013 - 11:48

Friezen dy't oldtimers hawwe, moatte dizze net te fluch ferkeapje. Dat seit oldtimer-ferkeaper Klaas de Poel fan Surhústerfean. In soad autobesitters ferkeapje op dit stuit oldtimers, omdat de belestingfoardielen foar in âlde auto's takom jier ferdwine. Yn hiel Nederlân binne dêrom dit jier al mear as 5000 auto's ferkocht nei it bûtenlân, hast twa kear safolle as ferline jier om dizze tiid.

Klaas de Poel seit dat autobesitters no in soad ferlies meitsje as se harren oldtimers ferkeapje, omdat dy no in stik minder wurdich binne.

Trefwurden: 
belesting oldtimers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)