Ljouwerter oanhâlden yn Eelde

Plysje-embleem © ANP
In 42-jierrige Ljouwerter is tongersdeitemiddei yn Eelde oanhâlden op fertinking fan mishanneling. Op de Hoofdweg stie in bestelbus pakketten út te laden. De Ljouwerter ergere him hjiroan en der ûnstie earst in wurdewikseling tusken beide sjauffeurs, dy't útrûn op in fjochtpartij. De bestjoerder fan de bestelbus brûkte dêrby in mes. Hy is oanhâlden op fertinking fan bedriging.
Beide manlju mochten nei it ôflizzen fan in ferklearring wer fuort, de pysje makket proses-ferbaal op.