Hast 13-tûzen euro foar SR

Glazen huis. Serious Request yn Enschede 2012 © ANP Kippa
De ferskate feilingaksjes foar Serious Request ha yn it earste heal jier al hast 13-tûzen euro opbrocht. Freed waard yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert de lêste feiling fan it earste healjier hâlden. Der waarden ûnder oaren in stegerhouten tafel, in ballonfeart, in besite oan it Omrop Fryslân programma Noardewyn en in besite achter de skermen by de NOS feild. Dit jier wurde allegear aktiviteiten organisearre om jild yn te sammeljen foar it 3FM Glazen Huis. Dat hûs stiet yn desimber op it Saailân yn Ljouwert.