Jildpine foar Rederij Doeksen

05 jul 2013 - 17:42

De finansjele posysje fan Rederij Doeksen is tige soarchlik, sa docht bliken út in ûnôfhinklik ûndersyk fan akkountantsburo Price Waterhouse & Coopers. De direksje fan de Skylger Stoombootmaatschappij, de offisjele namme fan Doeksen, moat yngripe om it fuortbestean fan it bedriuw net yn gefaar te bringen.

Rederij Doeksen sil der net oan ûntkomme om te reorganisearjen en in tal ûnrendabele ôffearten út de wintertsjinstregeling te skrassen. Sawol Skylge as Flylân sille dat fernimme.

De fertsjintwurdigers fan de eilannen yn de kommisje boattsjinsten hawwe oanjûn dat se it net iens binne mei de foarstelde wizigings.

Trefwurden: 
Skylge Flylân Doeksen rederij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)