Kultuerfûns dielt jild út

It Prins Bernhard Kultuerfûns hat 38.500 euro beskikber steld foar 23 ferskillende projekten yn Fryslân. In tal muzykkorpsen krijt jild foar it meidwaan oan it Wrâld Muzyk Konkoers yn Kerkrade. Stichting Museum Joure ûntfangt 5.000 euro foar de werynrjochting fan it Johannes Hessel Pakhûs. De histoarje fan Douwe Egberts kin hjirtroch goed presintearre wurde.
De feriening Stavers Belang krijt 5.000 euro foar in replika fan de pontbrêge yn Starum. In folslein oersjoch fan alle subsydzjes is te finen op de website fan de provinsje.